Fryske Parsepriis 2012 nei foarsitter Alvestêdeferiening

zondag 11 maart 2012

Hy wie noch gjin hûndert oeren yn it nijs, oer in evenemint dat net trochgie, mar toch krijt hy de Fryske Parsepriis 2012: Wiebe Wieling, de foarsitter fan de Fryske Alvestêdeferiening. De sjuery wol him, en dêrmei yn feite it hiele Alvestêdebestjoer en alle belutsen frijwilligers, earje foar de wize wêrop’t hy mei de media omgien is.

Wiebe Wieling is der yn slagge om de midden te hâlden tusken hype en realiteit, en dat wie net maklik. Alle fragen, fan hokker nivo ek, waarden beändere. Professjoneel, pro-aktyf en saakkundich waard elk te wurd stien. Der wie sels in spesjaal Alvestêde-twitteraccount, al moat sein wurde dat it tal tweets in bytsje ôffoel. Slûchslim waard ek noch eefkes in taboe trochbrutsen: At it net oars kinnen hie, wie de Tocht ek op in snein riden. Mei rjochte rêch brocht Wieling úteinlik op in drokbesochte parsekonferinsje it nijs dat it nèt oangie, en die dat sa dat elk dat ek wol begripe koe.

De sjuery:
Irene Overduin (LC)
Patrick van ‘t Haar (FD)
Jaap Temming (PS Produkties)
Eric Ennema (OF)